Archive for mei 12th, 2006
Voor de friezen hiero!
Goejûn minsken!
Omdat Sanne it drok hat mei tilevizje sjen, mut ik har weglog mar ris efkes dwaan! Wat foar ferhaaltsje ik mut hâlde wit ik net, mar ‘k begjin gewoan wat te typen! Ha jim in goeie en noflyke fakansje hân? Ik wol jer… lekker op it strân lein mei myn freun. It sintsie wie poer best en je koene sa ek lekker brún wurre! Mar fjidders… tsjah… moarn mut ik wurkje, gean ik wer it wetter op. Ik hoopje at it waar krekt sa is sa at it fannemidje ek wie! Ik wurkje op in rûnfeartskip yn Snits, dochs dan is dat wol noflyk as it waar wat mei sit! Sanne freage krekt of ik noch hieltiten dwaande wie mei har weblog.. ja dochs.
Ik tink dat ik no wol genoch sein ha, sanne’s weblog hat dêr wer in moai stik by kriegen! No minsken, ik winskje jim in goed wykein ta (yn elk gefal as jim dit frysk wat fersteane)!
It beste en oan’t sjen dan mar, Harmen!